Kollum: "Dokumintêr"

19 mrt 2020 - 08:10

It is miskien raar, mar al in pear dagen besykje ik my foar te stellen hoe't dizze situaasje foar myn neef is. En dan bedoel ik fansels de útbraak fan it coronafirus, de maatregels dêr't we mei te krijen ha en de útwurking op it deistich libben.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Op ien of oare manier soe ik no tsjin him sizze wolle: hâld dyn eagen goed iepen, lês alles watst kinst en hâld miskien in deiboekje by. Want wat der no bart is unyk, wrâldwiid, en soe wolris in impact hawwe kinne fan noch in protte jierren. Fansels, sa't it by alle grutte minsken is dy't wat oer it libben tsjin bern sizze, ha ik it foar tachtich prosint tsjin mysels.

It punt is; ik rekkene it even nei. Hy sit no yn 'e brêgeklasse en it is koart foar syn trettjinde jierdei. Koart foar myn trettjinde jierdei wie der ek in wrâldferoarjend barren, nammentlik, de Berlynske muorre foel. Oant 1989 wie der in hast ûntrochdringbere grins op noch gjin 400 kilometer fan Nederlân. Dêrefter lei de DDR, en yn feite de Sovjet Uny. Beide besteane net mear, mar ast Ruslân no in bytsje ing fynst, dan kinst dat kear hûndert dwaan.

Ik kin my heuge dat ik op it sjoernaal seach dat de muorre foel. Mar de impact ûntgie my doe. Dat de Sovjet Uny útinoar spatte; dat we in perioade fan kâlde oarloch efter ús litten en dat it kapitalisme syn yntree die yn Ruslân. Dat op dat stuit fan it Sovjetleger neat mear oer wie, en harren wapens doe sa mar wat ferkocht waarden. Dat dy wapens harren wei fûn ha nei plakken op 'e wrâld dêr't je no net mear wêze wolle. Dat wisten we op 9 novimber 1989 noch net fansels, mar ik hie wol wollen dat ik de kranten yn dy tiid wat better lêzen hie. Want de wrâld feroare.

Mei dizze corona-tastân is it net oars; deistich binne der foarfallen dy't dokumintêr fan karakter binne. De nuvere berjochtsjes dy't ik no lêzen ha, komme net út de ferslaggen fan út de sikehuzen. It binne alineatsjes no, dy't letter IDFA-dokumintêres wurde. In foarbyld: der is in Dútsk farmaseutysk bedriuw, dat wurket oan in faksin tsjin corona, dat benadere is troch de Amerikaanske regearing. Tsjin in hege fergoeding woene dy de eksklusive rjochten op it faksin foar de Feriene Steaten.

De brutaliteit is gewoan net te leauwen. De Dútske regearing hat yngrepen en dit is net troch gien. Neffens de NOS hawwe op dit stuit de grute farmaseutyske bedriuwen just de hannen ynien slein om in faksin te finen. Mar sa sjochst mar: as it der op oan komt, doge lang net alle minsken.

Moat in jonge fan hast trettjin him hjir mei dwaande hâlde? It hoecht net, mar de rest fan syn libben sil hy it wol ha oer dat hy dit meimakke hat. We laitsje no in bytsje om dat hamsterjen en dat gedoch mei wc-papier. Mar meitsje in mentale notysje hjir fan. It komt der even op oan en ús itensfoarsjenning stiet te wankeljen. Wêrom? Omdat nearne mear foarrieden oan hâlden wurde. Elke oplieding mei in fak logistyk fertelt dat al jierren: foarrieden binne dea kapitaal. Dus is de komplete logistyk sa rap en slank mooglik. Mar ja. De dokumintêre kwestje is: hâlde we yn de post-corona-wrâld al wer in foarriedsje mûlekapkes en paracetamol oan? En wc-papier, yn 'e goedichheid.

Der wurde noch in protte minsken siik en der sille sels in soad minsken stjerre troch dit rotfirus. It safolste firus dat yn 'e wrâld kommen is troch it iten fan bisten. It dokumintêre-ûnderwerp is hjir: krije we in maatskiplike diskusje oer it iten fan fleis? Flearmûzen, fansels, mar Q-koarts leit noch net sa fier efter ús. Feroaret de wrâld op dit punt?

Ik soe tsjin myn neef sizze wolle: al dy facebookposts dy't no skreaun wurde om't minsken tefolle tiid ha en miene it better te witten as it RIVM, kinst ferjitte. Registrearje dat in foarman fan Farmers Defence Force publyklik spile mei it idee om krekt op dit momint as aksjemiddel de itensfoarsjenning ris in tik te jaan. Registrearje de totale clusterfuck dy't Engelân en de Feriene Steaten meitsje fan de corona-oanpak. Registrearje wat der no bard yn 'e sjoernalistyk, op strjitte, thús en op skoalle. Registrearje de skuorkes yn it systeem. Want dit koe wolris in kearpunt yn 'e wrâldskiednis wêze. En we sitte der middenyn.

(advertinsje)
(advertinsje)