Wurdumer supermerk holpen troch frijwilligers út eigen doarp

Dêr't in protte supermerken in tekoart oan húskepapier hawwe, is der yn Wurdum krapte oan personiel. Yn doarpssupermerk Superrr wurkje se dêrom tydlik mei frijwilligers.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn de Superrr wurkje kliïnten fan Talant ûnder begelieding, mar in grut part fan harren sit thús yn ferbân mei de coronadriging.
Bedriuwslieder Remco begeliedt de minsken yn de supermerk. "Gewoanwei rinne we hjir mei twa begelieders, en fierder de meiwurkers: minsken mei in lichte beheining. Sy dogge hjir gewoanwei fan alles, mar no moatte wy it allegearre sels dwaan. Se sitte thús, want se hearre by de risikogroep. Mar gelokkich binne der ek in soad oare minsken dy't ús no helpe wolle."

Opjaan as frijwilliger

Op in oprop op ynternet kamen aardich wat reaksjes fan Wurdumers, dy't wol efkes helpe woene mei it foljen fan de fakken. Salang't de coronakrisis duorret, kinne minsken harren opjaan as frijwilliger.
Ferslachjouwer Willem de Vries seach yn de supermerk yn Wurdum