Byld op bestelling: foto's foar leafhawwers fan Flylân

19 mrt 2020 - 07:07

No't de Waadeilannen gjin toeristen mear ha wolle yn ferbân mei it coronafirus, besiket boskwachter Anke Bruin-Kommerij fan Staatsbosbeheer op Flylân de leafhawwers fan it eilân op in oare wize te betsjinjen. It konsept is hiel ienfâldich.

De Waadkust fan Flylân by it begjin fan de Vliehors - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Minsken kinne har freegje in spesifyk plak op it eilân te fotografearjen en dan publisearret sy it op it Staatsbosbeheer-blog en har instagram ûnder @anke_vlie. De eilanners sitte no net te wachtsjen op toeristen en de boargemasters fan de Waadeilannen hawwe toeristen ek oproppen om net te kommen.

Wa't dochs aktuele bylden fan it eilân sjen wol, kin dêrfoar bygelyks in grut ferskaat oan webcams besjen. Mar dy stean lang net oeral en litte wol wat te winskjen oer as je benammen ynteressearre binne yn de rike natuer fan it eilân.

Net ienfâldiger

De lytse mienskip op Flylân is no mear op himsels, mar troch de rjochtlinen dêr't elkenien oan foldwaan moat, is it libben der ek dêr net ienfâldiger op wurden. Koartlyn moast der in eilanner nei it hôf ta brocht wurde. "Voor het eerst op Vlieland was er geen condoleance en dat heeft toch wel diepe indruk gemaakt op de mensen hier", seit Bruin-Kommerij.

Boskwachter Anke Bruin-Kommerij

(advertinsje)
(advertinsje)