Coronanijs tongersdei 19 maart: 'Undersiker yn Grins hat mooglik medisyn tsjin corona'

19 mrt 2020 - 22:29

Yn ús provinsje binne oant no ta 22 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. De boargemasters fan de fiif Waadeilannen ha in oprop dien om net mear nei de eilannen ta te gean. It kabinet hat de ôfrûne dagen fiergeande maatregels ynsteld, dy jilde oant en mei 6 april.

  • By 22 Friezen is it firus konstatearre. Klik hjir foar de kaart mei alle fêststelde besmettingen yn Fryslân. De oare gefallen yn Nederlân binne op dizze kaart te sjen.
  • Ien Fryske pasjint is ferstoarn oan it firus.
  • In soad winkels slute tydlik de doarren, supermerken bliuwe wol iepen.
  • In soad eveneminten dy't op de kalinder stean, gean net troch.
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

Dit liveblog kun je ook in het Nederlands volgen.

22:50
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 19 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op www.omropfryslan.nl, en op ús app. Tank foar it folgjen.

22:46
'Medisyn mooglik oer fjouwer wiken beskikber'

In ûndersiker fan de universiteit yn Grins hat mooglik it medisyn tsjin corona ûntwikkele. Hy hat it medisyn al yntsjinne by de Medisch Ethische Toetsingscommissie. Mooglik dat it al oer fjouwer wiken beskikber is om test te wurden op proefpersoanen. Dat skriuwt de Ukrant.

22:45
Utstel fan betelling

Undernimmers dy't troch de coronakrisis yn de problemen komme en útstel fan belestingbetelling wolle, krije dat fuortendaliks trije moanne. Dêrfoar hoege ûndernimmers gjin bewizen mei te stjoeren. Earder woe it kabinet dat noch wol.

22:13
Iepenloftspul Wikel giet ek net troch

It Iepenloftspul De Bile yn Wicklewood yn Wikel soe dit jier yn de earste twa wiken fan juny wêze, mar de stichting hat besletten om it mei in jier út te stellen. "We vinden de gezondheidsrisico's te groot voor alle betrokkenen. Denk aan vrijwilligers, spelers, leveranciers en het grote aantal bezoekers." De stichting nimt kontakt op mei minsken dy't al in kaartsje kocht hiene.

21:49
Firus op waadeilân

De Fryske waadeilannen binne offisjeel noch 'coronafrij', mar op Teksel is yntusken it earste gefal fêststeld. In húsdokter en in oare ynwenner ha it firus. Earder dizze wike rôpen húsdokters fan Teksel toeristen noch op om net nei it eilân te kommen. Dat diene alle waadboargemasters ek.

21:44
Soepeler

Om de supermerken yn dizze perioade goed by te foljen, moatte frachtweinsjauffeurs somtiden mear en langer ride. Dêrtroch komme de sjauffeurs wolris yn de knipe mei de regeling om rêst te nimmen, seit de ferfierssektor en it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel. Minister Van Nieuwenhuizen fersoepelet dy regel: sjauffeurs meie no 11 oeren deis ride. Dat wie 9 oeren.

"Een nadrukkelijke voorwaarde bij de tijdelijke versoepeling is dat de verkeersveiligheid van chauffeurs en andere weggebruikers, even als de sociale omstandigheden van de chauffeurs, niet in het gedrang mag komen", seit Van Nieuwenhuizen.

21:42
Protte dingen noch net bekend

De krisis mei it coronafirus is folle grutter as by foarige grutte sykten. Dat seit Piet Vellema. Vellema is saakkundige op it mêd fan 'zoönosen'. Dat binne ynfeksjesykten dy't fan bisten op minsken oergean kinne, lykas de sykte dy't feroarsake wurdt troch it coronafirus. Vellema wie belutsen by it krisisteam tsjin de Q-koarts en MKZ (tongblier). "Doe wie der krekt as no in hiel protte dingen net bekend. We moasten noch faak ynformaasje ophelje en ûndersyk dwaan. Mar dit is fan folle, folle gruttere oarder."

21:26
Frysk Sjongersgala ôfsein

It jierlikse Frysk Sjongersgala yn De Lawei soe pas yn novimber plakfine, mar no is al bekend dat it net trochgiet. Sponsoaren kinne yn dizze perioade noch gjin bydragen tasizze en de organisaasje hat it net oan tiid om dêrop te wachtsjen. De artysten wiene noch net bekend makke, mar al wol fêstlein. Jûn hat de organisaasje de artysten ferteld dat it gala net trochgiet.

20:41
Oprop foar stipe

Femke Faber wurket yn Nij Statelân yn Menaam, mar sit thús omdat se yn ferwachting is. "Ik fyn it hiel spitich dat ik yn dizze periode neat betsjutte kin foar de bewenners en kollega's", seit se. Dêrom docht se in oprop op social media: se hopet dat safolle mooglik minsken tekeningen meitsje of kaartsjes stjoere foar de minsken yn it fersoargingshûs. "Iedereen kan de tekening/kaart in de brievenbus doen bij de ingang", skriuwt se op Instagram. Sa wol se de "leave bewenners dochs wat moais bringe yn dizze drege tiid."

De oprop fan Femke Faber - Foto: Femke Faber
(advertinsje)
(advertinsje)