Ganeeske kening keapet klompen

14 nov 2011 - 21:59

In Ganeeske kening wol 10.000 pear houten klompen bestelle by de Ljouwerter Alfred Lehmann. De kening wol de klompen brûke yn de kampanje foar de kommende ferkiezings. Kening Nana Okrukata de Fyfde wol de klompen dan útdiele.

Lehmann ferkeapet yn Nederlân klompen oan bedriuwen dy't sa in projekt foar de bou fan in merk yn Gana sponsorje. De kening wie lykwols sa entûsjast dat er der fuortendaliks fjouwer dagen op rûn hat. As de oarder definityf trochgiet dan moatte noch foar de ein fan dit jier alle klompen ûnderweis wêze nei Afrika. Lehmann tinkt deroer om dan yn Gana in eigen klompmakkerij te begjinnen.

(advertinsje)