Tsjerkeklokken klinke rûnom yn de provinsje foar 'hoop en treast'

18 mrt 2020 - 20:48

Yn de hiele provinsje binne woansdeitejûn om sân oere de tsjerkeklokken let. In Rotterdamske tsjerke hie de oprop dien om safolle mooglik klokken te lieden as teken fan hoop en treast yn dizze ûnwize dagen fanwege de coronakrisis. Yn it hiele lân waard dêr gehoar oan jûn, en ek yn Fryslân. It doel is ek nije wike woansdei en oer fjirtjin dagen de klokken fan de tsjerke in kertier lang te lieden.

Hjirûnder in kompilaasje fan in tal Fryske tsjerken dêr't woansdeitejûn de klokken fan te hearren wienen.

Trefwurden: 
tsjerkeklokken Corona
(advertinsje)
(advertinsje)