Hoarekaûndernimmer Baukje de Vries krekt op 'e tiid werom út Nepal

18 mrt 2020 - 20:39

Hoarekafrou Baukje de Vries kaam werom út Nepal yn har Ierkse pub yn Ljouwert dy't hielendal leech wie. Se wie yn Nepal op útnûging foar it dielen fan kennis en se is in wike earder weromkaam yn ferbân mei it coronafirus. Thús wachte in lege pub op har, want alle personiel sit thús en moat lykas alle hoarekasaken wachtsje oant op syn betiidst 6 april. Hjir fertelt se har ferhaal.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Gean der wol flechten?

De weromreis fan Nepal nei Nederlân gie net sûnder slach op stjit. De Vries moast earst in binnenlânske flecht nimme om yn de Nepaleeske haadstêd Katmandu te kommen. It wie net dúdlik oft der wol fleantickets beskikber wêze soe op de dei dat sy woe. En dan gie der ek noch it ferhaal dat alle fleanfjilden ticht wiene. Dus dat wie noch wol efkes spannend, seit De Vries. Yn it fleantúch sieten allinnich mar wite minsken, Elkenien moast en woe fuort. Op Skiphol wie it spoekachtich leech

Ien coronapasjint yn Nepal

Yn Nepal is mar ien coronapasjint, in man út Yndia. Nepalezen begroetsje inoar op ôfstân en se reitsje inoar net folle oan, inkeld yn de priveesfear. Dan is it gefaar op besmetting minder grut. Mar de útwurking fan it firus op de ekonomy is dramatysk. Yn Nepal binne al 20.000 minsken ûntslein, omdat der gjin fergunnings mear ôfjûn wurdt foar de berchbeklimmingen. It hiele toerisme leit stil en Nepal draait op toerisme.

Baukje de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Werom yn Ljouwert moast De Vries in soad dingen ôfhannelje. Dochst net samar de doar ticht. Sa moast der bygelyks iten fuortbrocht wurde.

Yn it kafee wurkje in soad minsken út Ierlân. De Vries hie tiisdei noch efkes kontakt mei Ierlân fanwege Saint Patrick's Day. Op de grutte nasjonale feestdei wiene de grutte parades ôfsein. Foar de Ierske wurknimmers fan de pub is it ek spannend, want se kinne net efkes nei Ierlân ta. Omdat it kafee ticht is, stean de wurknimmers op non-aktyf. In tal wurknimmers is bot ôfhinklik fan wat der oan jild binnenkomt.

Gûle oan de bar

Guont wurknimmers wiene panikerich en sieten sels te gûlen oan de bar. Se witte net hoe't it fierder moat. Dêr moatte se harren net drok om meitsje, seit De Vries, hielendal net no't der út de polityk wei stipe komt. Mar se moatte it wol in tiid lang útsjonge. Foar De Vries as eigener is it ek spannend, seit se laitsjend. Sy sels hat noch net sitten te gûlen by de bar. Mar it moat net te lang duorje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Baukje de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)