Frou berôve fan tas mei boadskippen yn Ljouwert

18 mrt 2020 - 17:25

Yn Ljouwert is tiisdei op it Bilgaardpad in frou berôve fan har tas mei boadskippen. De frou rûn mei har hûntsje doe't se oansprutsen waard troch in man op in fyts. Hy frege yn earste ynstânsje om lytsjild.

Foto: Plysje

De frou wegere om it lytsjild oan de man te jaan. De man fytste dêrop fuort, mar efkes letter benadere hy har fan efter en skuorde hy de boadskiptas út har hannen. De man ried dêrnei fuort yn de rjochting fan it Havankpark.

Sinjalemint

De dief is in blanke man mei blond hier tusken de 35 en 40 jier. Hy soe in ûnfersoarge uterlik ha. De man prate Nederlânsk en ried nei alle gedachten op in frouljusfyts.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Bilgaardpad
(advertinsje)
(advertinsje)