Fjouwer coronapasjinten lizze yn Fryske sikehûzen

18 mrt 2020 - 16:41

Fan de 21 fêststelde Fryske coronapasjinten lizze fjouwer yn it sikehûs. Trije yn it Antonius yn Snits en ien yn Nij Smellinghe yn Drachten. De kommunikaasje fan alle fjouwer sikehûzen leit yn dizze perioade by it MCL.

Foto: Omrop Fryslân

"Dat is noch te dwaan, de sikehûzen binne dwaande har ta te rieden", fertelt Frits Mostert fan it Ljouwerter sikehûs. "Alle dagen ha we pasjinten mei koarts dy't ûndersocht wurde op corona en as dat sa is, komme se yn isolaasje. Meiwurkers nimme tal fan maatregels lykas mûlekapkes en beskermingsmateriaal. De sykte ûnder meiwurkers falt oant no ta noch ta en ek materiaal is der no noch genôch."

It docht bliken dat mûlekapkes in twadde kear te brûken binne nei't se desynfektearre wurde.

"By binnenkomst moatte minsken in fragelist dwaan by ferpleechkundigen dy't freegje oft se koarts hawwe of hoastje. As der risiko op corona is, wurde maatregels nommen."

Ek it bloedprikken is no net mear yn it sikehûs, mar ferpleatst nei it Ronald McDonaldhûs.

Frits Mostert

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)