Frysk bedriuwslibben posityf oer stipemaatregels

It Fryske bedriuwslibben reagearret foarsichtich posityf op it grutte pakket oan stipemaatregels fan it Ryk. Der binne tsientallen miljarden frijmakke om ûndernimmers te beskermjen tsjin de gefolgen fan de coronakrisis. It moat foarkomme dat bedriuwen omfalle.
Frysk bedriuwslibben posityf oer stipemaatregels
De hoarekasektor en de leveransiers wurde hurd troffen troch de coronakrisis. Snein foel de omset yn ien kear stil. By eigener Marco Poldervaart fan restaurant 't Havenmantsje is alles noch net yndaald: "Nee, want dan moet je zondag van het ene op het andere moment dicht. Heel vreemd, surreëel eigenlijk." Eins soe hy dizze woansdei wer iepen. No hat Poldervaart in listje makke mei saken dy't dien wurde moatte: "Mijn stoelen moeten schoon, de tafels een nieuwe laklaag. Daarnaast maak ik het plafond maar schoon."

Maatregels fan it kabinet

Poldervaart is ûnder de yndruk fan it pakket oan maatregels dêr't de oerheid mei kaam is: "Je krijgt maximaal 90 procent van het salaris vergoed van je werknemers voor een periode van drie maanden. Dat is fijn, vooral als je geen omzet draait en je vaste lasten wel doorgaan. Er is ook uitstel mogelijk van het betalen van belastingen. De gemeente heeft al zo'n regeling, die is er ook voor onder andere de inkomstenbelasting."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Finansjele soargen hat Poldervaart noch net: "We zijn een gezond bedrijf en dan kunnen wij wel een stootje hebben. De salarissen uitbetalen volgende week is ook geen probleem. De vraag is: Hoe lang gaat dit duren? En wat gebeurt er daarna?"

Fet op de bonken

Ek by FOOX Groothandel Bergsma fan Frjentsjer ha se foarearst gjin problemen om de salarissen takom wike út te beteljen. Mar ek dêr is de fraach: Hoe lang giet dit sa troch? Direkteur Henk Jan Minnema: "Wy ha fet op de bonken, dus we rêde it earst wol. Mar we binne al 60 persint fan ús omset kwyt."
Opfallend is al dat de omset fan ien produkt krekt omheech gean is: sigaretten. Minnema: "Ik ha dêr echt gjin ferklearring foar. Miskien dat minsken om't se thús wurkje no faker de tiid nimme om te smoken. Gjin idee, mar it soarget al foar omset."

"Oerheid moat thús jaan"

Foarsitter Sjoerd Galema fan VNO-NCW Fryslân is ek posityf. It pakket oan winsken dat der lei fan de wurkjouwersorganisaasjes is hast folslein honorearre. Mar Galema hat ek kanttekeningen: "De oerheid stiet der net om bekend dat se hiel rap binne mei dit soarte fan regelingen. It kin dus bêst wêze dat der noch wol in soad saken misgean. En dat jild dat nedich is der net altyd op tiid is. De oerheid moat no al thús jaan."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by 't Havenmantsje yn Harns