Minister Wiebes jout fergunning foar gaswinning Blesdike East

18 mrt 2020 - 15:33

Gaswinbedriuw Vermilion kin fierder mei it winnen fan gas út it nije gasfjild Blesdike East yn de gemeente Weststellingwerf. Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken hat in omjouwingsfergunning ferliend, nei't hy ferline jier it gaswinningsplan al goedkard hie.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Vermilion mei no fan it ministearje oant 2036 fan de Meenthe 13a yn Wolvega ôf it nije gasfjild Blesdike East oanboarje as ôftakking fan de besteande boarput Blesdike. It giet om in saneamde sidetrack-boarring mei in mobile boarynstallaasje.

Beswier

Weststellingwerf hie hjir beswier tsjin oantekene, omdat de gaswinning neffens de gemeente net past by it stribjen nei ferduorsuming en it soe net oanslute by de winsk om de gaswinning yn Nederlân ôf te bouwen. Dizze beswieren binne identyk oan de beswieren tsjin it winningsplan, wêrfoar't de gemeente Stienwikerlân, de provinsje Fryslân en de provinsje Oerisel negatyf advisearre ha.

Boaiemdelgong en boaiemtrilling

It kolleezje is bang dat de útwreiding fan de gaswinning en de nedige boarring grutte feiligensrisiko's mei him meibringe, sawol kwa boaiemdelgong as boaiemtrilling. Krekt as by Noardwâlde moasten fan de gemeente dêrom trije saneamde fersnellingsmeters pleatst wurde. Feiligens moast wat de gemeente oanbelanget boppe alles gean. Yn it beslút wurdt dêr neat oer melden.

Tsjin it beslút kin fan dizze woansdei ôf foar de doer fan seis wiken beswier makke wurde by de rjochtbank Noard-Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)