HEA! Timmerje tsjin de rûp

18 mrt 2020 - 14:51

Der wurdt flink timmere by Maatwurk op De Gordyk. Op it deibestegingsplak foar minsken mei in licht ferstanlike beheining meitsje se gewoanwei kasten en túnmeubels. No binne se dwaande mei 200 nêstkastkes foar de gemeente Opsterlân. Dy wurde brûkt by de bestriding fan de ikeprosesjerûp.

(advertinsje)
(advertinsje)