Fryske tsjerken liede klokken: as treast foar de mienskip

18 mrt 2020 - 13:09

Fryske tsjerken dogge mei oan de oprop om woansdeitejûn om 19.00 oere de klokken te lieden. It is it inisjatyf fan in tsjerke yn Rotterdam, dat yntusken oernommen is troch in soad tsjerken.

Tsjerke fan Hollum op it Amelân - Foto: Omrop Fryslân

De oprop komt hjir op del: dizze woansdei en nije wike woansdei én oer fjirtjin dagen de klokken fan de tsjerke in kertier lang liede.

"Ien fan ús leden appte my dat er it heard hie op de radio. It is in prachtich inisjatyf, dus we ha de frijwilligers oproppen om te kloklieden," fertelt Dick Tolsma fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer.

"It binne ûnrêstige tiden, we wolle as tsjerke treast jaan. Minsken kinne net komme, dus komme we nei de minsken. We liede de klokken as stipe foar iensume minsken, mar ek foar de soarchferlieners, dus foar de mienskip. We wolle sjen litte dat we achter de minsken steane en ek treast jaan."

Yn hiel Nederlân dogge al sa'n 200 tsjerken mei. "We hoopje op in lûd troch it hiele lân, dus set de ruten mar iepen."

Dick Tolsma fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer

Trefwurden: 
tsjerke coronafirus klokliede
(advertinsje)
(advertinsje)