Blommehanneler: "Minsken binne yn mineur en keapje gjin blommen"

18 mrt 2020 - 12:58

Neist de hoareka en de evenemintesektor wurde ek blommehannelers troffen troch de coronakrisis. De ferkeap fan blommen yn bygelyks de supermerken giet noch wol troch, mar minsken keapje in stik minder blommen sûnt it coronafirus yn Nederlân is.

Foto: ANP

"We draaie op heale krêft no, minsken geane net op besite, in blomke is gjin needsaaklik produkt. Minsken binne yn mineur, der hinget in sfear fan, wat komt der, it binne ûnwisse tiden. Oars is dit foar ús de drokste tiid fan it jier, fan begjin maart oant heal juny," fertelt Frits Jilderda, eigener fan in blommegruthannel en trije blommewinkels yn Damwâld, Surhústerfean en De Westereen.

"Fuort nei it bekend meitsjen fan de maatregels sakke it al bot yn en nei de taspraak fan Rutte wie it in drama." It is neffens him net te ferlykjen mei de krisis yn 2008. "Doe gie it stadiger. No wie der 14 dagen lyn neat oan de hân. We ha goede wiken hân en yn ien kear slacht it om."

De binnenlânske hannel is de helte minder wurden, mar foar de eksport leit it stil. "Sa'n 90 prosint fan de produksje giet nei it bûtenlân, mar dat sit ticht. It guod wurdt ferneatige."

Jilderda keapet no folle minder yn, mar de kosten geane troch. "We ha 14 man, 4 frachtweinen en wat buskes omriden." Hy is dan ek wiis mei de stipe dy't it regear tasein hat. "Dat is in gerêststelling. It jout je krêft, want soks is gjin ûndernimmersrisiko, hjir kinst dy net op tariede."

Frits Jilderda

Trefwurden: 
coronafirus blommehannel
(advertinsje)
(advertinsje)