Ljouwerter basisskoalle Eestroom jout ûnderwiis fia webcam

18 mrt 2020 - 12:57

Troch it coronafirus kinne de bern foarearst net nei skoalle en dus moatte de ûnderwizers kreatyf wêze. Op basisskoalle Eestroom yn Ljouwert hawwe se dêr wat op betocht. Se jouwe de bern les fia it ynternet. "Dat gaat tot nu toe prima", seit master Anton Span.

De masters en juffen stean mei in kamera yn it klasselokaal foar it boerd. "Misschien dat we straks ook echt van thuis uit kunnen werken, maar dan moeten we wel allemaal een whiteboard hebben. De kinderen vinden het wel prettig dat ze kunnen zien hoe ze de som moeten gaan maken", seit master Span.

Weromkeppeling

De masters en juffen kinne fia in spesjaal programma presys sjen oft en hoe't de bern de opdrachten meitsje. "Als ze fouten hebben gemaakt kunnen we een terugkoppeling maken naar de kinderen door ze een berichtje te sturen: 'Ik zie dat je heel veel foutjes hebt, heb je nog wat extra hulp nodig?' Of dat we ze terugbellen en dat we dan nog via de laptop wat extra instructie kunnen geven."

"Het voordeel van normale lessen is wel dat je normaal gesproken een groepje bij elkaar kunt roepen als er meerdere kinderen zijn die het niet snappen", seit Span. Oan de oare kant krije de bern no wol mear ien-op-ien-oandacht. "Dat is wel een voordeel", seit Span.

Opstartproblemen

It nije ûnderwiissysteem hie tiisdei noch wol wat opstartproblemen. "We kwamen er gister achter dat heel veel kinderen nog niet online waren", seit Span. De skoalle naam dêrom kontakt op mei de âlden fan dy bern. "Sommige ouders gaven aan dat ze geen laptop of een werkende iPad hebben. Toen hebben we naar die kinderen laptops gebracht en die kinderen kunnen vandaag dus ook gewoon meedoen", sa seit master Span.

Master jout ûnderwiis op ôfstan - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by basisskoalle Eestroom

(advertinsje)
(advertinsje)