Ferneamd túchhynder Ulke 338 dea; eigener "We ha moaie tiden hân"

It ferneamde túchhynder Ulke 338 is yn 'e nacht fan 17 op 18 maart ferstoarn yn de stâl by eigener Willem Wester yn Tsjerkgaast. Ulke wie jierrenlang mei foarsprong it bêste túchhynder foar de sjeas yn Nederlân en it bêste út de skiednis.
Ferneamd túchhynder Ulke 338 ferstoarn
Hy waard ûntelbere kearen Nederlânsk en Frysk kampioen foar de sjeas en fertsjinne foar Wester sa'n 40.000 euro. Dat is mear as watfoar hynder dan ek. Ek as dekhynst hat Ulke syn spoaren fertsjinne.
Ulke wie hast 30 jier âld. Hy waard berne op 24 maart 1990. Yn 2015 wie hy foar it lêst te sjen op de Hynstekeuring yn Ljouwert.
Ulke 338 © Argyffoto út 2008
"It wie in hiel bysûnder hynder, hy hat safolle wûn en hy wie hiel sterk", fertelt Willem Wester. "Kampioen Jurre komt ek fan Ulke."
It hynder wie al mei pensjoen. "Mei 25 jier ha we ôfskied naam op de Hynstekeuring, de minsken stienen op de banken. De lêste fiif jier mocht er deis nei it lân ta."
Wester seach de dea net oankommen. "Earjuster hat er noch yn it sintsje draafd bûtendoar. En lêsten is er noch bekapt. En fanmoarn tocht ik, hee, ik sjoch de kop net yn de boks, dit kloppet hielendal net. Hy lei sa moai as wat, ik skrok wol, mar hy libbe net mear. Se binne in kear op. Dat moatte je ferwurkje, ik krij in soad berjochtsjes. Mei elkoar moatte we it ferwurkje. We ha moaie tiden hân op konkoersen, dat ferjitte we noait wer."
Ulke libbet troch yn it logo fan it stamboek, syn byltenis stiet op it briefpapier en op de jaskes.
Willem Wester