Unwisse tiden foar de kapper: iepen of ticht?

Kappers sitte mei de hannen yn it hier: wat moatte se? Wol of net iepen? Der is net sein dat se ticht moatte, dus gean se iepen. En omdat der in pear kappers iepen binne, giet de rest ek iepen. Berino yn Grou bliuwt foarearst ticht.
NOCH kapper
Yn de kapperssaak fan Bertina van den Berg yn Grou is it stil. "It binne bizarre tiden, moatte we iepen of ticht, we sjogge nei de feilichheid fan ús team en de klanten. Uteinlik ha we besletten om ticht te gean, dat seit it fakûn ek en dat fielt goed. Mar in dei letter waard bekend dat it RIVM noch gjin kar makke hat, dus it bûn seit dat we wol iepen bliuwe kinne. Dus ha we gjin rjocht op arbeidstijdverkorting, no is dat dus wer in dilemma. No sitte der 34 minsken sitte thús, mar hoe lang kinne we dat folhâlde?"
Mei har soan is se no dochs wer oan it wurk mei de nedige foarsoarchsmaatregels. "We dogge mofkes oan, desynfektearje de stoel nei elke klant, en it knippersark ek", seit Roy van den Berg.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Bertina van den Berg, kapper yn Grou