GGD: seis nije fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân

Nei tiisdei binne der fiif nije fêststelde coronabesmettingen bykaam yn Fryslân. Dêrfan sitte twa minsken fan yn de 90 út De Fryske Marren, twa minsken út de gemeente Ljouwert (sirka 30 en 40 jier) en in fyftiger út Súdwest-Fryslân. Letter op de dei is der noch in nije coronapasjint bykaam, dat meldt de GGD. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert fan sawat 80 jier.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
De GGD is weromhâldend mei it jaan fan fierdere ynformaasje oer de pasjinten. De ynformaasje dy't nedich is, wurdt dield mei de belutsen professionals sadat dy har wurk sa goed mooglik dwaan kinne.
Mei elkoar binne no 21 minsken yn Fryslân posityf test op corona.
Folgje alles oangeande it coronafirus yn ús liveblog.
It liveblog is ek yn it Nederlânsk te folgjen.
Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.