Frou yn wetter by Wâlterswâld net troch misdriuw om it libben kaam

18 mrt 2020 - 10:33

De deade frou dy't tiisdei fûn waard yn it wetter by Wâlterswâld, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat seit de plysje.

Foto: De Vries Media

Passanten seagen it lichem yn de Petsleat lizzen en skeakelen de helptsjinsten yn. De technyske resjerzje kaam ek nei it plak dêr't de frou fûn is. Nei ûndersyk hat dus bliken dien dat se net troch in misdriuw om it libben kaam is.

(advertinsje)
(advertinsje)