Nije tema-fytsrûte oer de ferburgen skiednis fan it Noarderleech

18 mrt 2020 - 10:29

Troch it Noarderleech rint tenei in bysûndere fytsrûte, mei as tema Oarloch boppe it Noarderleech. It 33 kilometer lange fytspaad giet lâns bunkers en oar erfguod dat in link hat mei de Twadde Wrâldoarloch. Mei it fytspaad wolle it projekt Visit Wadden en de gemeente Noardeast-Fryslân stilstean by de fûle loftoarloch boppe it Waadgebiet.

De rûte soe woansdei iepene wurde, mar fanwegen de coronakrisis koe dat net trochgean. Dêr hawwe se by de organisaasje fansels begryp foar. "Heel de wereld zit ongeveer met grotere problemen momenteel. Het is niet verantwoord om zoveel mensen bij elkaar te brengen", seit Mark van den Anker fan VisitWadden. De rûte fan 33 kilometer is lykwols no al wol te fytsen. "Het is wel even doortrappen. We hebben geprobeerd langs alle bijzondere locaties te kunnen gaan, waar de tocht de luchtoorlog boven het waddengebied laat zien. Het is een mooi middagje fietsen", sa seit Van den Anker.

Mark van den Anker fan VisitWadden oer de tocht

De tocht is bedoeld om minsken de skiednis fan it gebiet sjen te litten, want neffens de betinkers is dy foar in hiel soad minsken net bekend. "We weten van alles over de Tweede Wereldoorlog en de bevrijding van Nederland. Maar dat er zo'n heftige strijd boven het Waddengebied heeft plaatsgevonden, is voor veel mensen vaak alleen herkenbaar aan dingen als begraafplaatsen en bunkers links en rechts. Wat er gebeurd is, is vaak verborgen voor veel mensen. De uitleg wordt er nu bijgegeven", sa seit Van den Anker.

It Noarderleech - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by it begjin fan de tocht

De start en finish fan de tocht is by de Seedykstertoer. Dêr is ek in lyts museum, mei guod dat gearstald en fûn is troch amateurhistorikus Harry Feenstra. "Hjir lizze allegear dingen dy't út de Waadsee komme. Yn de Waadsee en Noardsee binne in hiel soad fleantûchen delstoart yn de oarloch. Sa no en dan komt der wer wat boppe, dus dit binne allegear dingen dy't ik sels fûn ha", seit Feenstra. De amateurhistorikus rint al hast syn hiele libben op it Waad en is dêr ek gids. "De Waadsee is altyd yn beweging, dus guon guod leit 20 oant 30 jier ûnder de grûn en dan komt it wer boppe."

It museum by de Seedykstertoer - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Feenstra is bliid dat de tocht der no is, sadat minsken yn de kunde komme kinne mei de skiednis fan it gebiet. "We hawwe in hiele protte ferhalen hjir yn dit gebiet oan de kust. Dat moatte we mear fertelle en sjen litte. Dat binne allegear dingen dy't by ús gebiet hearre, ús skiednis. Ik fyn it belangryk dat de minsken dat sjen kinne", sa seit Feenstra.

En miskien hat Feenstra ynkoarten dan wol in soad nije kollega's. "Miskien wurde minsken wol entûsjast om sels dingen út te sykjen, want der binne noch in hiel soad dingen ûnbekend", sa seit Feenstra.

(advertinsje)
(advertinsje)