Gjin IepenUP Live fanwegen coronafirus

18 mrt 2020 - 10:28

Yn ferbân mei de gefolgen fan it coronafirus en troch de maatregels fan ryksoerheid en RIVM kinne de útstjoeringen fan IepenUP live op woansdeitejûn yn muzyksintrum Neushoorn yn alle gefallen oant en mei 1 april net trochgean.

Botte Jellema yn IepenUp - Foto: Omrop Fryslân

Yn it liveprogramma wurdt mei publyk diskusjearre oer in aktueel ûnderwerp.

Dat betsjut dat ek it al wiidweidich oankundige temaprogramma oer flechtlingen yn Fryslân op woansdei 25 maart komt te ferfallen. Fansels bliuwt dit ûnderwerp nijsgjirrich en wichtich om by stil te stean. We hoopje dêrom ek dit programma letter yn it seizoen as noch útstjoere te kinnen.

Om't it ûnwis is hoe't it fierdere ferrin fan de coronakrisis is en wat de direkte gefolgen binne, kin noch net sein wurde wannear't de útstjoerings fan IepenUP live wer begjinne. We hâlde eltsenien fansels op de hichte.

(advertinsje)
(advertinsje)