Wer ekstra tips oer dea Karin Grijpstra nei útstjoering Opsporing Verzocht

18 mrt 2020 - 10:11

De plysje hat nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht fan tiisdeitejûn alve tips binnen krigen oer de dea fan Karin Grijpstra fan Koarnjum. Der wiene dêrfoar al fyftich minsken dy't mei oanwizingen kamen oer Grijpstra, dy't op sneintemoarn 23 febrewaris dea fûn waard yn in sleat, flakby har wenning.

Foto: politie.nl

By de útstjoering waard bekend makke dat Grijpstra goed lei by de ynwenners fan Koarnjum. It like derop dat sy gjin konflikten hie. De plysje ropt minsken op harren by de plysje te melden as sy mear witte oer de saak.

Sykaksje

Ofrûne wike waard noch in grutte sykaksje hâlden yn en by de sleat dêr't Karin Grijpstra dea fûn waard.

(advertinsje)
(advertinsje)