Twa coronapasjinten yn wensoarchsintrum op De Jouwer

18 mrt 2020 - 10:08

Yn wensoarchsintrum Flecke op De Jouwer binne twa minsken posityf test op it coronafirus. Dat meldt soarchkoepel Patyna. De twa kliïnten op hege leeftiid sieten op de refalidaasje-ôfdieling Luchtenfjild.

De lokaasje is yntusken ticht. De twa pasjinten lizze sûnt moandei yn isolaasje op de eigen keamer en wurde dêr fersoarge. De refalidaasje-ôfdieling is sûnt moandei ek ticht foar besikers yn ferbân mei in grypútbraak. Dêrnei binne gjin nije refalidanten opnommen. Op de ôfdieling lizze bygelyks minsken dy't nei in operaasje refalidearje.

Yn gearwurking mei de GGD wurdt besjoen wa't yn kontakt west hat mei de twa coronapasjinten. "Wij monitoren scherp wat er gebeurt in deze locatie in Joure en volgen daarbij alle ingestelde richtlijnen. We hopen hiermee een verdere verspreiding te voorkomen", seit Renate Kamphuis, bestjoerder fan Patyna.

"De medewerkers houden zich strikt aan de hygiëneregels, ze dragen schorten, handschoenen, spatbrillen en mondkapjes ter bescherming. We zijn alert dat de medewerkers niet van de ene naar de andere afdeling gaan."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Renate Kamphuis, bestjoerder fan Patyna

Trefwurden: 
De Jouwer coronafirus Flecke
(advertinsje)
(advertinsje)