Masinist rekket licht ferwûne by brân yn graafmasine yn Wergea

18 mrt 2020 - 09:34

In graafmasine is woansdeitemoarn yn 'e brân flein yn Wergea. Doe't de brânwacht fan Ljouwert oankaam oan de Nieuwe Leeuwarderweg, wie it de masinist sels al slagge om it fjoer út te meitsjen.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Hy rekke dêrby wol licht ferwûne. De man is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De brânwacht hat de situaasje ûndersocht.

(advertinsje)
(advertinsje)