Kollum: "As"

18 mrt 2020 - 08:45

"As ik mei Oerol op Skylge bin, nim ik dêr wolris in Meksikaansk pilske. In Corona. Likegoed kinne je aanst dêr net roppe 'jou my mar corona', dan giet it hiele terras leech fansels. Sneu, dus moatte we it mar efkes oer it coronafirus ha.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

As de lju alle skytpapier út de winkels klauwe en je sjogge dêrnei nei de grappen dy't dêroer gean, dan witte je dat wa't noch net siik is de earnst fan in pandemy net befetsje kin en dêrtroch siik gedrach fertoant. Dat is net besmetlik, mar as je de sosjale media besjogge, tinke je dat it wol sa is. It soe goed wêze alle sosjale media ôf te sluten foar elkenien salang't dizze epidemy der is. En as it goed foldocht, it sa mar te hâlden.

As je thús sitten bliuwe moatte, om't je wat snotterich binne, dan belje je in pear coronafrije maten op. Klaverjasse, mannen. Dat kin net. Om't elk dy kaarten yn hannen hat en we der net hieltyd mei in ûntsmettingsdoekje oer hinne strike kinne. We ha dus noch gjin inkelde noasje fan de maatregels dy't je echt nimme moatte as de sykte trochset.

As it gemeentebestjoer fan Achtkarspelen in berjocht nei bûten bringt dêr't yn stiet, wylst der tsien gefallen fan corona yn Fryslân binne, wy ha it hjir by ús yn Achtkarspelen noch net. Dan is der wat mis yn de holle fan dejinge dy't it opskreaun hat. Want inkeld as je siik binne, tinke je yn dizze wrâld noch oan jesels.

As FNP'er Sybren Posthumus op Twitter de ûndernimmers yn Fryslân fertelt dat at se finansjeel lijen ha, dat se dan op de burokratyske helpregelingen fan de nasjonale oerheid sjen kinne, tink ik: kom no, corona is gjin regionale sykte, FNP.

As Rutte seit dat de skoallen net tichtgeane, dat die hy ferline wike noch, om't de âlden nedich binne by de soarch of plysje en dus net op harren eigen bern passe kinne, tink ik dat Rutte en syn ministers wat op 'e doele binne. Oars tinke je net dat elk skoalbern in plysje as heit en in ferpleechster as mem hat. Mar no traapje ik yn deselde fal dêr't alle radio- en telefyzjeprogramma's yn foelen, doe't se Rutte syn taspraak allegearre beâldehoerden, yn stee fan der nei te harkjen.

As de regearing alle musea slút dan is it Museum Drachten sa siik dat it iepenbliuwt. Der binne wol mear musea dy't sizze koenen: we litte der net mear as 100 besikers yn. Se kinne yn Drachten it wurd mienskiplik net.

As 'geluidsmeetnet rond de vliegbasis' sjocht dat oeral yn de wrâld de fleantugen oan de grûn bliuwe, mjitte sy dat op de fleanbasis gewoan noch altyd de fleantugen mei te folle leven de loft yngean. Kinne dy dingen gjin corona krije.

As benammen hoarekabedriuwen al begjinne te skriemen as se in pear dagen tsien minsken minder oan tafel ha, en se wolle stipe ha yn harren bedriuw, dan binne harren marzjes wol hiel smel. Dan is in part fan de hoareka goed siik, ek bûten it coronaseizoen.

As by in epidemy de earste wurden fan ûndernimmers net binne 'hoe hâlde we elk sa sûn mooglik?', mar yn stee dêrfan 'hoe kinne we wurktiidferkoarting oanfreegje en wannear barre we stipe fan de oerheid?', dan is ús mienskip wol hiel siik. Dan binne we allegear de Grinzers wurden fan de sniewinter '79. Wylst wy hjir seine 'hoe kinne we elkoar stypje?', seine se dêr 'wie sol dat betoalen?'. As hear ik it wer.

As je in winkel of sikehûs ynkomme en it fleske mei ûntsmettingsmiddel, de plestiken mofkes en de sjippe binne fan it taffeltsje by de yngong stellen, dan witte je dat dizze mienskip sa yndividualistysk is, dat se gjin corona nedich hân hienen om siik te wurden.

As reedrider Hans van Helden, hy wie goed yn de 70'er jierren, gryp krige dan dronk hy syn eigen urine op. Dêr sieten de ôfwarstoffen yn, sei hy. Hy wie altyd mar hiel koart siik. It wie in gebrûk dat eartiids wol wat mear hiem wie, al prate nimmen deroer. Ik drink corona. Ik ha 't noch net. Mar as ik it al krij, dan moat ik yndied mar efkes wat oars drinke."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)