Reedrydster Anice Das hâldt op: "Het was echt prachtig!"

Reedrydster Anice Das fan It Hearrenfean hâldt op mei topsport. Nei't se yn it foarige seizoen sûnder sponsor kaam te sitten, hie de 34-jierrige sprintster gjin team mear om har hinne.
© Neeke Smit
Yn 2006 kaam Das foar it earst út op in Nederlânsk kampioenskip en yn har topsportkarriêre die se mei oan ferskate wrâldbekerwedstriden. Yn 2018 wie se by de Olympyske Spelen fan Pyeongchang. Dêr kaam se út op de 500 meter en waard 19e.
Op Instagram skriuwt Das: "Na 25 jaar ga ik stoppen met schaatsen. Ik heb een hele mooie topsportcarrière gehad, gekenmerkt door heel veel plezier hebben en keihard knokken. Ik heb fantastische momenten beleefd samen met mijn teamgenoten, trainers, schaatscollega's, sponsors, vrienden, familie en schaatsfans! Ik ga het heel erg missen, maar ik zal het nooit vergeten. Bij deze wil ik iedereen ontzettend bedanken! Het was echt prachtig!