Coronanijs woansdei 18 maart: Winkels tydlik ticht, supermerken bliuwe wol iepen en soad ôfsizzings

18 mrt 2020 - 19:55

Yn ús provinsje binne oant no ta 21 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. De boargemasters fan de fiif Waadeilannen ha in oprop dien om net mear nei de eilannen ta te gean. It kabinet hat de ôfrûne dagen fiergeande maatregels ynsteld, dy jilde oant en mei 6 april.

  • By 21 Friezen is it firus konstatearre. Klik hjir foar de kaart mei alle fêststelde besmettingen yn Fryslân. De oare gefallen yn Nederlân binne op dizze kaart te sjen.
  • Ien pasjint is ferstoarn oan it firus.
  • In soad winkels slute tydlik de doarren, supermerken bliuwe wol iepen
  • In soad eveneminten dy't op de kalinder stean, gean net troch
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

Dit liveblog kun je ook in het Nederlands volgen.

22:50
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan woansdei 18 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen.

21:52
Fossylfrije Wiken útsteld

De organisaasje fan 'e Fossylfrije Wiken hat besletten dat alle aktviteiten yn de perioade 1 oant en mei 13 juny net trochgean. Fanwege de coronakrisis falt in soad tariedingstiid fuort der't wichtige petearen yn hâlden wurde soene. Dêrom slagget it net om de Fossylfrije Wiken foarinoar te krijen,

21:25
Gûlend oan de bar

Hoarekafrou Baukje de Vries is in wike earder weromkaam fan in saaklike reis nei Nepal yn ferbân mei it coronafirus. Thús wachte in lege Ierske pub op har, want alle personiel moat lykas by alle hoarekasaken wachtsje oant op syn betiidst 6 april. Guon personielsleden sieten gûlend oan de bar.

20:57
Winkels hawwe plestik skerms by de kassa's ynstallearre foar beskerming tsjin corona
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
20:54
Tsjerkeklokken klinke rûnom yn de provinsje
20:27
Rinsma De Gordyk ek ticht

Moadesaak Rinsma op De Gordyk is no ek ticht fanwege de coronakrisis.

20:09
HT-roeirace giet net troch

De HT-roeirace fan Harns nei Skylge giet net troch. Dat meldt de organisaasje op Facebook. De wedstriid stie op de kalinder foar 22 maaie, Himelfeartsdei.

20:07
Kleanwinkels H&M gean ticht

Alle kleanwinkels fan H&M gean tongersdei oan de ein fan de middei tydlik ticht fanwege de coronakrisis.

19:38
Wieling: "Sjoch ek nei de eineksamens"

No't basisskoallen de eintoets ôfskaffe meie fanwege de coronakrisis, soe it Ryk ek sjen moatte nei de eineksamens, seit Wiebe Wielling fan it RSG Simon Vestdijk en it OSG Piter Jelles. "We moatte net ferjitte wat dit betsjut foar jonge minsken. Ik bin bang dat de resultaten hjir bot ûnder lije sille."

17:44
C&A slút alle winkels

Fanwege de útbraak fan it coronafirus slút C&A foarearst alle winkels yn Nederlân. De sluting giet tongerdei yn. C&A hat yn Fryslân filialen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)