Fernielingen by sportterreinen yn Grou en Akkrum

17 mrt 2020 - 22:35

Op it sportkompleks Meinga yn Grou binne ôfrûne wykein picknickbanken fernield. De bestjoeren fan keatsferieniging It Wetterlân en de Grouster iisklup binne 'not amused'. It is net de earste kear dat der guod stikken makke is. Sy hoopje dat ynwenners fan Grou it sportkompleks yn de gaten hâlde wolle.

Foto: Buurtpreventie Akkrum-Nes

Ek yn Akkrum wiene der de ôfrûne dagen fernielingen. By in berneopvang waarden de ruten besmoarge en plantebakken stikken makke. Earder waarden der ek al fernielingen dien op it fuotbalfjild yn it doarp. "Terwijl je verwacht dat iedereen in deze tijd naar elkaar omkijkt, hebben we helaas een aantal inwoners die zo te zien lak aan alles en iedereen hebben," sa is der op de buertprevinsjeside fan Akkrum-Nes skreaun.

Trefwurden: 
plysje Akkrum Grou fernielingen
(advertinsje)
(advertinsje)