Spesjale romte by Ljouwerter nachtopfang foar coronapasjinten

18 mrt 2020 - 08:01

By de nachtopvang fan Zienn oan de Oostergoweg yn Ljouwert is in spesjaal coronafirus-protokol opset. Marrit Koelstra fan Zienn leit út: "Fan 17.00 oere ôf meie de passanten nei binnen. Oars mochten minsken allegearre tagelyk yn it foarportaal. Mar no moatte minsken ien foar ien binnen komme."

Foto: Omrop Fryslân

Koelstra leit fierder út: "Dan lit de portier se binnen. Dêrnei waskje se de hannen, dan wurde sy fûillearre om te sjen of sy drugs of wapens by harren hawwe en se moatte ferplichte dûse. En as dat allegear dien is, kinne se nei binnen."

Goed op de hichte

It binne in soad hannelingen, foar't dak- en thúsleazen nei binnen meie. "It nimt mear tiid en der moat in soad wachte wurde, mar ik moat sizze dat de passanten goed meiwurkje", seit Koelstra. "Se fine it noflik dat der wat oan dien wurdt. Minsken folgje ek de media, sy binne fan alles op 'e hichte."

Ferslachjouwer Willem de Vries by de nachtopfang fan Zienn

Nynke Plantinga wurket ek foar Zienn. Se seit dat de kliïnten har wol soargen meitsje. "Daarom is het geruststellend voor ze dat wij er serieus mee omgaan en dat er een plek voor ze is, mochten ze ziek worden." Zienn hat acht plakken foar eventueel sike kliïnten. "Die hebben we zelf ingericht, naar de richtlijnen van de GGD. En we kunnen ook contact opnemen met de GGD, mocht het problematisch worden. Maar tot nu toe is iedereen nog gezond."

"Ik ben er niet echt bang voor"

Naomi is sa'n 'passant', in dakleaze dy't gebrûk makket fan de nachtopfang fan Zienn. "Ik zit elke nacht wel in de nachtopvang, maar ik ben overdag wel veel buiten. Ik ben officieel dakloos. Ik volg het nieuws niet echt, maar ik weet van het coronavirus. Ik ben er niet echt bang voor. Ik laat het gaan en maak er geen gekte van. De mensen die ik hoor hoesten ontloop ik wel sneller, maar ik heb zo iets van: waarom zou ik mij er druk om maken? Ik vermijd sowieso al drukte."

Sy sjocht wol dat elkenien it oer it coronafirus hat by de nachtopfang. "Mensen hebben het er hier heel erg over. Sommigen gaan er echt chagrijnig mee om. Misschien zijn ze er bang voor."

Stapke ekstra

It firus freget ek om ekstra ynset by de nachtopfang. "Er is de hele dag en nacht een medewerker aanwezig die mensen direct op kan vangen", seit Plantinga. "Iedereen vindt het spannend, maar zet ook de schouders eronder. Er heerst een soort saamhorigheidsgevoel: iedereen wil wel wat extra doen."

Nynke Plantinga fan Zienn

(advertinsje)
(advertinsje)