Boargemasters Waadeilannen yn brief oan gasten: "Kom net en bliuw thús"

17 mrt 2020 - 19:49

De fiif boargemasters fan de Waadeilannen roppe minsken op dy't nei de eilannen gean wolle om thús te bliuwen. "Coronavrij zullen we ook op de eilanden niet blijven," sa skriuwe sy. Mar neffens de boargemasters moatte de medyske foarsjenningen op de eilannen net ûnnedich op 'e proef steld wurde.

Toeristen op Flylân - Foto: ANP

"Onze gasten zijn onder normale omstandigheden altijd van harte welkom," lizze de boargemasters út yn in mei-inoar opstelde brief. "Maar in deze bijzondere periode is dat plotseling wat lastiger. Net als in de rest van Nederland zijn de meeste van onze voorzieningen gesloten en moet afstand tot elkaar gehouden worden. Het is dus nu niet de meest ideale tijd om de Wadden te bezoeken."

Soargen fan eilânbewenners

Dat is net it iennige. "De eilanders maken zich ook zorgen: is het beleid zoals dat door deskundigen is bepaald verstandig of is het beter het eiland af te sluiten voor mensen van de vaste wal tot de crisis is geweken?", skriuwe de boargemasters. Ek is it sa dat alle hoareka dochs sletten is en reizgje mei in soad minsken tagelyk op de fearboaten sawiesa al net mei.

De besluten oer de feiligens en sûnens wurde naam troch Veiligheidsregio Fryslân, wat de Fryske Waadeilannen oanbelanget. Want ek Teksel slút him oan by de Fryske eilânboargemasters. Sy jouwe mei klam oan: "Ieder heeft recht op een eigen mening en vanzelfsprekend respecteren we die, maar laten we respectvol met de verschillende meningen omgaan en de deskundigen hun werk laten doen op basis van hun kennis en kunde."

De fiif boargemasters binne Ineke van Gent (Skiermûntseach), Leo Pieter Stoel (Amelân), Bert Wassink (Skylge), Tineke Schokker (Flylân) en Michiel Uitdehaag (Teksel).

"Nu even niet"

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach: "We hebben deze oproep nu gedaan omdat het duidelijk is dat onze horeca gesloten is, net als in de rest van Nederland. Het gezamenlijk reizen op de boot word afgeraden en de medische voorzieningen op de eilanden moet je niet onnodig op de proef stellen. Op een ander moment zijn ze weer van harte welkom op de eilanden, maar nu even niet."

Neffens Van Gent is it net sa dat de eilannen no op slot geane. "Wij willen de eilanden ook niet sluiten." It iepenbier ferfier, en dus ek de fearboaten, moatte tagonklik bliuwe. "Dus wij hebben geprobeerd om nu te limiteren door deze dringende oproep."

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

(advertinsje)
(advertinsje)