Tentoanstelling 'Wij Vikingen' fan Fries Museum lûkt goed 88.000 besikers

17 mrt 2020 - 17:24

De tentoanstelling Wij Vikingen yn it Fries Museum hat 88.028 besikers lutsen. Twa tredde fan de besikers kaam fan bûten Fryslân. Sy joegen neffens it Fries Museum mei-inoar goed fjouwer miljoen euro út yn de regio yn bygelyks winkels, oan in diner yn de stêd of in oernachting.

Vikingskip fan 15 meter yn it Fries Museum - Foto: Ronnie Porte

De tentoanstelling rûn fan 19 oktober 2019 oant 12 maart 2020. It Fries Museum moast de tentoanstelling ûnferwachts trije dagen earder einigje fanwege it coronafirus.

Eigen reserves

It museum hie de eigen reserves ynset foar de tentoanstelling. Sûnder ekstra finansiering kin it Fries Museum gjin grutte tentoanstellingen lykas Wij Vikingen mear meitsje. It museum is dêrom foar ein juny op syk nei nije middelen.

Mei de reguliere ynkomsten út de provinsjale subsydzje, fûnsen, sponsoring en publykopbringsten kin it museum de kolleksje beheare, it gebou ûnderhâlde en mei de programmering sa'n 80.000 besikers yn it jier lûke.

'Ynvestearje yn kultuer is it wurdich'

Neffens it Fries Museum is it ynvestearjen yn de tentoanstellingen it wurdich fanwege de maatskiplike en ekonomyske bydrage oan de regio. De tentoanstellingen Alma-Tadema, Mata Hari, Escher op reis, Rembrandt & Saskia en Wij Vikingen soene neffens it museum in ekonomyske ympakt fan minimaal 35 miljoen euro hân ha.

Trefwurden: 
Fries Museum Wij Vikingen
(advertinsje)
(advertinsje)