Merkeminsken swier troffen troch coronakrisis: "Der moat help komme"

Merkeminsken binne swier troffen troch de corona-krisis. De wintertiid wurdt altyd brûkt foar reparaasjes en nije ynvestearrings. Mei de maitiidsmerken komt der wer jild yn it laadsje. Mar dit jier is alles oars.
De merke yn Snits moast yn sân hasten wer ôfbrutsen wurde © Omrop Fryslân, René Koster
It seizoen is al begûn, want ferline wike wie der al merke yn Snits, Dy moast yn sân hasten ôfbrutsen wurde. Snits wie foar Noard-Nederlân de earste merke, fertelt Atze Lubach fan de lanlike feriening fan merke-eksploitanten.

Yn sân hasten ôfbrekke

Lanlik wie it ek it earste wykein mei in seistal merken. Leden fan de feriening fan merke-ekspoitanten wiene ek aktyf yn Dútslân en se stiene foar it 25e jier yn Praag. De merkelju dêr moasten yn in pear oeren tiid alles ôfbrekke en foar freedtejûn tolve oere út lân út wêze. Doe waard de needtastân yn Tsjechië útroppen. Dit hat grutte gefolgen foar de hiele brânsje, seit Lubach.

Gjin jild foar transport werom

"By ús oansluten binne in tûzental ûndernimmers yn hiel Nederlân. Fan harren wennet in part yn Ljouwert. De merkelju hawwe no nul ynkommen. It foarseizoen is breanedich om de kas wer fol te krijen. De rekkeningen moatte wer betelle wurde. By guon fan ús eksploitanten is de need heech. Guon hiene sels gjin jild om út Praag wei werom nei Nederlân te riden."
"Oant en mei 6 april stiet alles stil, mar jo moatte ek realistysk wêze. As no al bekend is dat Keningsdei en peaske-eveneminten net trochgean en ast nei de ûntwikkelingen fan it coronafirus op Europeesk flak sjochst, dan binne wy der foarearst noch net ôf."

"It wurdt in swiere tiid"

Lubach tinkt dat de brânsje in tige dreech temjitte gean sil. "De merke wie de earste brânsje dy't stillein wurdt en sil de lêste wêze dy't wer opstarte mei. Dat kin ús it hiele seizoen kostje. Der moat help komme. It wurdt in swiere tiid."
Atze Lubach: Der it wurdt in drege tiid en wy binne der foarearst noch net ôf