Húsdokter fan praktyk yn Burgum besmet mei coronafirus

17 mrt 2020 - 16:57

In húsdokterspraktyk fan It Peldershûs yn Burgum hat witte litten dat ien fan harren dokters posityf test is op it coronafirus. Hy krige neffens de praktyk op tongersdei klachten dy't op it firus wize kinne. Moandei hat de praktyk te hearren krige dat er echt besmet is.

Foto: ProNews

It Peldershûs lit witte dat de dokter mylde klachten hat en dat er yntusken alwer wat opknapt. De húsdokter hat sûnt it bliken die dat it om it firus giet net mear wurke op de praktyk. Alle pasjinten mei wa't de dokter op tongersdei 12 maart noch kontakt hân hat, binne op 'e hichte steld troch de dokterspraktyk.

Praktyk allinne iepen foar driuwende saken

Fierders jout de praktyk oan dat der allinne ôfspraken makke wurde kinne foar driuwende saken, fanwege de besmetting fan de húsdokter. It Peldershûs freget om begryp en jout oan mear telefoanysk sprekoere te hâlden. Ek ride de dokters de kommende wiken gjin besiten.

(advertinsje)
(advertinsje)