MCL krijt beoardielingsromte, intensive care útwreide mei tsien bêden

17 mrt 2020 - 16:56

It MCL-sikehûs yn Ljouwert krijt in triageromte. Dat is in romte wêryn't dokters de earnst fan de klachten per pasjint beoardiele kinne en beslisse kinne hokker pasjinten it fluchst holpen wurde moatte. Dêrneist is it tal bêden op de intensive care útwreide fan 19 nei 29. Ek it Antonius Sikehûs yn Snits hat it tal bêden op de IC útwreide.

Yn bygelyks Maastricht waard in aparte triage-tinte boud, mar dat is yn Ljouwert net nedich. It sikehûs hat romte om dit gewoan yn it gebou te regeljen. De triage is ek bedoeld om te monitoaren wa't it sikehûs binnen komt. Fierder sil it MCL de koördinaasje fan alle sikehûzen yn Fryslân oernimme. De parsekommunikaasje ferrint fan no ôf ek fia Ljouwert.

Alle 'planbare' ôfspraken yn it sikehûs binne foarearst ôfsein, mei útsûndering fan ôfspraken op de ôfdieling oncologie.

Fertochte pasjinten

Op dit stuit lizze der yn it MCL sân pasjinten dy't mooglik it coronafirus hawwe. Ek yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean binne fiif minsken mei symptomen fan it firus. Sy binne allegear testen, Letter op tiisdei wurdt de útslach dêrfan bekend.

Mûlekapkes

Yn it MCL is op dit momint noch gjin sprake fan tekoarten oan medysk guod. WoonFriesland hat 500 mûlekapkes skonken oan it Ljouwerter sikehûs. Dy sil it MCL mooglik útdiele oan húsdokters dy't wol in tekoart hawwe.

Trefwurden: 
sikehûs MCL coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)