Deputearre Steaten sette nije stap foar grinskorreksje Skiermûntseach

De Deputearre Steaten hawwe tiisdei in nije stap setten yn de proseduere om hiel Skiermûntseach wer by Fryslân te lûken. It weryndielingsûntwerp fan de gemeentegrinzen is offisjeel fêststeld.
De gemeentegrinskorreksje sa't de provinsje dy graach ha wol © eigen foto
Troch de dynamyk fan it waadgebiet, feroaret de foarm fan de eilannen. Dêrtroch groeide Skiermûntseach oan de eastkant oer de gemeente- en provinsjegrins hinne. It foarstel fan de provinsje is no om de nije grins yn it midden fan de geul fan de Eilanderbalg te lizzen. Datselde is dien by de foarige korreksje fan 2006.
De gemeenterieden fan Skiermûntseach, Het Hogeland (Grinslân) en de provinsje Grinslân kinne no reagearje op it foarstel. It doel is om de korreksje op 1 jannewaris 2021 yngean te litten.