FIDEO: Alden krije lespakketten op skoalle oanrikt troch it rút

No't bern minstens trije wiken thús sitte yn ferbân mei mooglike coronabesmetting, moatte skoallen út alle macht wat betinke om it ûnderwiis draaiende te hâlden. Op de Keningin Julianaskoalle yn Kollum koene âlden tiisdei skoalwurk foar de bern ophelje. Dat barde op in bysûndere wize, want it hie wol wat fan in drive-through yn in hamburgerrestaurant.
lespakketten skoalle