Ljouwert krijt monumint mei nammen fan 540 Joadske Holocaust-slachtoffers

Der komt in 'nammenmonumint' yn Ljouwert foar alle 540 Joaden út de stêd dy't slachtoffer wurden binne fan de Holocaust. It betinkingsteken komt te stean by it monumint njonken de Joadske skoalle. Op it monumint komme de nammen fan de 540 slachtoffers.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Joadske mienskip yn Ljouwert, dy't no út sa'n tritich minsken bestiet, is bliid mei it inisjatyf. "We vinden het belangrijk dat we straks de namen kunnen zien van onze familieleden en al die mensen die hier hebben gewoond en gewerkt", seit foarsitter Benno Troostwijk. "Bij het monument kunnen we ze herdenken." Troostwijk ferlear syn heit en suster yn de Twadde Wrâldoarloch.

Grutte Joadske mienskip

Yn 1940 bestie de Joadske mienskip yn Ljouwert út hast 700 leden. In protte fan harren wennen yn de buert fan Bij de put. Dy buert stie bekend as in libbene wyk mei in soad winkeltsjes.
It inisjatyf foar it monumint komt fan Jorrit Volkers, foarsitter fan it Befrijdingsfestival Fryslân en Omrop Fryslân-sjoernalist Auke Zeldenrust. Zeldenrust skreau De Joodse bruiloft, in famyljeskiednis fan in Joadsk pear út Ljouwert.

Skiednis eigen stêd ûnbekend

Troch dat ferhaal kamen Volkers en Zeldenrust op it idee fan in monumint mei dêrop de nammen. "We kamen derefter dat in soad Ljouwerters de dramatyske Joadske skiednis fan harren eigen stêd net kenne. Wy fine dat dit nea fergetten wurde mei. Mei it neamen fan nammen krijt de Holocaust hast in letterlik gesicht. Want efter elke namme sit in ferhaal en dat moat ferteld wurde." De gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân stypje it plan.
Sûnt 1987 stiet der in Holocaust-monumint by de Joadske skoalle oan de A.S. Levissonstrjitte yn Ljouwert. Dat is makke troch keunstner Ben van Renssen en bestiet út twa keramyske betinkingstekens: in horizontale klaachmuorre, dy't de ûndergong fan de Joadske mienskip symbolisearret, en in fertikale mezoeza mei davidstjer, as teken fan hoop op in goede takomst.
It nije nammenmonumint komt by it besteande betinkingsteken te stean en is ûntwurpen troch keunstner Saskia van Montfort, yn oerlis en gearspraak mei Van Renssen.

Untbleating nei deadebetinking

It is de bedoeling dat it nammenmonumint de jûn nei de deadebetinking op 4 maaie ûntbleate wurdt troch de 93-jierrige Benno Troostwijk. Mei de situaasje om it coronafirus hinne is it noch ûndúdlik oft dat trochgean kin. Yn dat gefal wurdt socht nei in alternative datum.

Foar alle generaasjes

"Voor nabestaanden is het van onschatbare waarde een plaats te hebben waar zij hun familieleden kunnen herdenken", seit Jacques Grishaver. Hy is foarsitter fan it Auschwitz Comité. "Zo worden de namen van de slachtoffers van de Holocaust aan de vergetelheid onttrokken. Herdenken is niet alleen voor hen die zich de oorlog kunnen herinneren. Het is juist ook voor hen die de oorlog niet hebben meegemaakt. Voor de kinderen van hen die het meemaakten, voor hun kleinkinderen en voor de volgende generaties."