Deputearre Steaten wurkje fanwege coronakrisis yn twa ploegen

De Deputearre Steaten fan Fryslân wurkje fanwege de coronakrisis yn twa ploegen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en de deputearren Klaas Fokkinga en Sietske Poepjes binne allinnich op moandei, woansdei en freed op it Provinsjehûs. De twadde ploech mei loko-kommissaris Sander de Rouwe en de deputearren Avine Fokkens en Douwe Hoogland is op tiisdei en tongersdei oan de Twibaksmerk te finen. Mei-inoar gearkomme dogge de twa ploegen foarearst fia in ynternetferbining.
Deputearre Steaten wurkje fanwege coronakrisis yn twa ploegen
Kommissaris Arno Brok hopet mei dizze maatregel de kontinuïteit fan it provinsjaal bestjoer te befoarderjen. As ien fan de bestjoerders siik wurde soe, kin de oare ploech it bestjoer oernimme, sa is it idee. Ek op amtlik nivo wurdt op it Provinsjehûs yn twa ploegen wurke. Ek wurkje in soad amtners thús.

De provinsjale polityk komt, sa't it no stiet, net earder byinoar as yn maaie.