Supermerk yn Balk wol hoareka-personiel oan it wurk hâlde

17 mrt 2020 - 15:33

Supermerk Plus yn Balk wol mei in oprop op Facebook de lokale hoareka stypje. Sawol it iten dat oerbleaun is en no yn de kuolling leit, as de wurknimmers, kinne miskien wol in plakje krije yn de supermerk.

Der wurdt bygelyks hieltyd mear online besteld, om't elkenien thúsbliuwt om it coronafirus. Dat soarget foar in tekoart oan sjauffeurs en auto's. "Bygelyks koks en servearders soene foar ús op de auto ride kinne", lit eigener Arend Siemonsma witte. Der binne no al ferskate reaksjes op kommen.

Foto: Facebook Plus Siemonsma

Mar noch mear tinkt Siemonsma oan it iten dat oerbliuwt yn de restaurants en snackbars, dat miskien wol in twadde libben krije kin yn de supermerk. "It is skande as dat guod yn de kliko bedarret. Der wurdt al fiersten te folle iten fuortgoaid." Hoareka-ûndernimmers hearden snein om healwei seizen jûns dat in heal oerke letter de saken slute moasten. "Dy ympakt is fansels enoarm. Wy wolle mei dy ûndernimmers sjen oft we de itensfergrieming oant it minimum beheine kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)