Fermiste man út Drachten fûn by Musselkanaal

17 mrt 2020 - 15:21

De 47-jierrige man út Drachten, dy't fermist wie, is niiskrekt yn goede sûnens oantroffen by Musselkanaal yn Grinslân. De plysje wie sûnt moandeitejûn manmachtich nei him op syk.

Foto: Plysje

De man hat in ferstanlike beheining en waard sûnt moandeitemoarn fermist. Hy gong doe op syn swarte fyts fuort. Gewoanwei giet er alle dagen nei de deibesteging op De Westereen, mar dy wie ticht fanwege it coronafirus. Neffens de manager fan de deibesteging wie de man dêrfan op 'e hichte, mar liket it derop dat er troch syn beheining net mei dizze feroaring fan struktuer yn syn deistich libben út de fuotten koe.

By de syktocht waard ûnder oare in helikopter ynset. Yn de omkriten fan Musselkanaal seach ien de man fytsen. Dy hie op Facebook sjoen dat er fermist wie.

(advertinsje)
(advertinsje)