Mear as 1,7 miljoen Europeesk jild foar Noard-Fryslân

17 mrt 2020 - 15:17

Noardlik Fryslân kriget dit jier mear as 1,7 miljoen euro oan Leaderjild. Dat is in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebieten. Der giet goed 9 ton nei Noardeast-Fryslân en 8,5 ton nei Noardwest-Fryslân.

D'Ald Skoalle, it doarpshûs yn Hantum - Foto: Google streetview

De Leadersubsydzje is ynsteld om leefberens op it plattelân te befoarderjen. In wichtich útgongspunt is dat minsken yn it gebiet sels útmeitsje wat wichtich is foar harren gebiet en ek de projekten opsette. Foarbylden fan earder takende projekten binne it werbrûksintrum yn Grou en doarpshûs d'Alde Skoalle yn Hantum.

Twa oanfraachperioaden


Der binne dit jier twa perioaden wêryn't subsydzje oanfrege wurde kin. De earste is fan 20 april oant en mei 28 maaie. Yn septimber set de twadde perioade útein.

Streekwurk


Leader wurdt by de provinsje Fryslân koördinearre troch Streekwurk. De projektburo's yn Frjentsjer en Burgum binne telefoanysk en oer de e-mail berikber foar ynformaasje, stipe en antwurd op fragen. Op www.fryslan.frl/leader is mear ynformaasje te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)