Ynbrekkers hâlde gjin skoft: fjouwer oanhâldingen yn Ljouwert

17 mrt 2020 - 14:09

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei fjouwer ynbrekkers oanholden. It giet om in 31-jierrige en in 42-jierrige Ljouwerter en twa minderjierrige fertochten.

Foto: Omrop Fryslan

Rûn de klok fan 02.00 oere waard yn de Jongkindstrjitte in 31-jierrige Ljouwerter oanholden foar helen. De man hie ynbrekkersark en nei alle gedachten stellen metalen by him. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de komôf fan de metalen.

Minderjierrige fertochten

In oere letter waarden yn de J.H. Knoopstrjitte twa minderjierrige fertochten oanholden nei it besykjen fan in ynbraak by in tankstasjon oan de Drachtsterwei. De fertochten waarden mei help fan kamerabylden werkend.

Op it Europaplein waard om likernôch 05.00 oere in 42-jierrige Ljouwerter oanholden. Ien seach dat de man in sko-pui fan in wenning besocht te ferbrekken yn de Nicolaas Beetstrjitte. By kontrôle die bliken dat de man metalen meinaam hie.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbrekkers
(advertinsje)
(advertinsje)