Festiviteiten befrijing Ljouwert skrast

De festiviteiten om de befrijing fan Ljouwert hinne op 15 april geane net troch. Dat seit Jorrit Volkers, foarsitter fan de stichting Bevrijdingsfestival Fryslân tsjin Omrop Fryslan. De gemeente Ljouwert en provinsje Fryslân sizze de eveneminten ôf fanwege it útbrekken fan it coronavirus.
© Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
It is dit jier 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. Neffens Volkers seagen de Kanadeeske feteranen, dy't by de festiviteiten wêze soene, de komst nei Ljouwert net sitten.
Oft ek it programma op 4 en 5 maaie skrast wurdt, is noch net bekend. Neffens Volkers wachtet de stichting hjirfoar op in beslút fan de oerheid.