Fysioterapeuten helpe húsdokters, gewoan fitnesse by fysio kin net mear

17 mrt 2020 - 13:41

De Fryske fysioterapeuten bliuwe iepen foar it leverjen fan soarch oan pasjinten. Dêrnjonken kinne de Fryske fysioterapeuten de drokte opheine foar húsdokters en sikehuzen, dy't it smoardrok hawwe yn ferbân mei minsken dy't har melde mei klachten en fragen oer it coronafirus.

Foto: ûnbekend

De soarchoername jildt yn alle gefallen foar de 35 praktiken dy't falle ûnder de Fryske Koöperaasje fan Fysioterapeuten en Fys Optima Fryslân.

Minsken dy't bygelyks troch de rêch gien binne of de knibbel ferdraaid hawwe, kinne streekrjocht nei de fysioterapeut ta. Se hoege net earst by de húsdokter, fertelt wurdfierder Jelle Eijzinga fan de twa koepels.

De fysioterapeut nimt dan wol kontakt op mei de húsdokter as dat nedich is. "De húsdokter en de sikehuzen binne foar de akute soarch."

Net mear gewoan fitnesse

De measte fysioterapeuten hawwe in oefenromte foar refalidaasje of medyske fitness. Dêr wurkje minsken mei bygelyks COPD of hertfalen oan harren kondysje. Mar der wurdt ek gewoan fitnesst en dat kin dan in skoft net mear. De oefenromtes binne tenei allinnich mar beskikber foar risikogroepen dy't it echt nedich hawwe.

Om de kâns op besmetting lyts te hâlden wurdt der ek inkeld ien-op-ien behannele, net mear yn groepen. Fierders wurkje de fysioterapeuten ek mei hygiëneprotokollen.

Gjin sport, dus ek minder blessueres

"Wy fernimme dat der wat minder minsken komme. Logysk, want wy binne diels ôfhinklik fan de sport. Dy leit stil en dus komme der ek gjin pasjinten mei sportblessueres", seit Eijzinga.

Operaasjes útsteld

Wat ek romte jout is dat lytsere operaasjes lykas oan de heupe of knibbel útsteld wurde en der ek gjin minsken komme foar refalidaasje. "Wy bliuwe iepen salang't it kin en salang't it mei", seit Eijzinga.

Jelle Eijzinga leit út hoe't it krekt sit

Trefwurden: 
fysioterapeut Corona COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)