Deade frou yn it wetter fûn by Wâlterswâld

By Wâlterswâld, tusken Driezum en De Westereen, is in deade frou yn it wetter oantroffen. Passanten seagen har yn de Petsleat oan de Miedloane yn it wetter driuwen.
De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich © De Vries Media
De helptsjinsten waarden fuortdaliks ynskeakele en ek de traumahelikopter waard oproppen. De plysje wit noch net hoe't de frou yn it wetter bedarre is. De identiteit fan de frou is ek noch net bekend.
It fytspaad is ôfset mei lint. De technyske resjerzje is ek op it plak by it wetter.