Thússoarch giet gewoan troch: "Maar mensen zijn wel meer op hun hoede"

17 mrt 2020 - 13:26

Yn it suden fan it lân lizze de sikehûzen hieltyd foller mei coronapasjinten en ek hjir yn Fryslân wurdt der hieltyd mear fan it soarchpersoniel frege. Mar ek de gewoane soarch giet troch, lykas dy fan de thússoarch. Fersoargers gean dêr foaral by âlderein del en dus moat der yn dizze tiid ekstra foarsichtich wurke wurde. Zoë Luchtmeijer wurket foar Buurtzorg, en sy fernimt dat it coronafirus de kliïnten bot yn de besnijing hâldt: "We krijgen veel vragen."

"Mensen zijn wel meer op hun hoede. Iedereen kijkt televisie en luistert radio en daarop wordt er erg veel aandacht aan besteed", seit Luchtmeijer. "Sommige mensen zeggen zelf dat ze de zorg op dit moment niet meer willen omdat ze het te veel risico vinden. Daar hebben we begrip voor."

Bakje kofje

De hear Hoekstra is bliid dat de soarch noch gewoan delkomt. "Dêr sjoch ik nei út", seit er. Hy wurdt holpen mei it oanklaaien en it waskjen en krijt in prik tsjin de tromboaze. "Dat is noflik. Foar de frou ek, want dy kin my net oanklaaie. Dy hat genôch oan harsels", seit Hoekstra. "En we drinken na de tijd altijd een kopje koffie, dat vindt de familie Hoekstra altijd gezellig en ik ook", seit Luchtmeijer.

Bang foar it coronafirus is de hear Hoekstra net. "Dan is it myn tiid, en dan ha ik in moaie tiid hân", sa seit er.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma rûn mei mei Buurtzorg

Trefwurden: 
coronafirus buertsoarch
(advertinsje)
(advertinsje)