Reisburo Internoord hat it drokker as ea: "Het is een bizarre situatie"

17 mrt 2020 - 12:22

It coronafirus leit in soad bedriuwen yn Fryslân hielendal plat, mar by Reisburo Internoord hawwe se it op stuit smoardrok. Mar dan wol smoardrok mei ôfsizzingen en annulearringen. "Het is een bizarre situatie", seit eigener Erik van der Waard.

Fakânsje - Foto: Shutterstock.com

"Er ligt een enorme puzzel van een paar duizend stukjes. Je weet niet waar je beginnen moet en je weet al helemaal niet waar het eindigt. Met name dat laatste is erg lastig plannen. Er zit geen licht aan het eind van de tunnel", seit Van der Waard. Internoord komt lykwols foarearst noch net yn de problemen. "We zijn in de gelukkige omstandigheid dat wij een vrij gezond bedrijf zijn en al lang bestaan. Dat betekent dat we enigszins een buffer hebben."

Net seure

Van der Waard fynt dat der no net direkt seure moat no't it minder giet. "Het woord ondernemen zegt het al: je moet ondernemen. We hebben jaren dat de zon hoog aan de hemel staat en het allemaal prachtig gaat. En we hebben nu even een hele dikke kluif weg te werken. Maar het is ondernemen, dus daar moet je niet over gaan zeuren", sa seit er.

Minsken wêrfan't harren reis fanwegen it coronafirus annulearre wurdt hoegen gjin soargen te hawwen oer de betellingen. "We hebben in Nederland een goed vangnet, dat ervoor zorgt dat mensen gewoon hun geld terugkrijgen", sa seit Van der Waard.

Oanbiedingen

De reaksjes fan de minsken dy't se by Internoord oan de telefoan hawwe binne oer it algemien dan ek goed. "Ik zou haast zeggen dat het hartverwarmend is. Mensen hebben er allemaal heel veel begrip voor. We hebben een goed vangnet voor garantie dat mensen hun geld niet kwijt zijn en dat stelt mensen gerust. We krijgen zelfs al mensen die bellen voor aanbiedingen voor augustus. We blijven wel Nederlanders natuurlijk", sa seit Van der Waard.

"Gisteren kwam er een groepje studentes. Die hebben een reis van twaalf dagen in augustus voor iets meer dan tweehonderd euro, met alles erop en eraan. Dus die gingen met champagne weer de deur uit." Oft de reizen yn augustus wol wer trochgean kinne is lykwols noch ûnwis.

Erik van der Waard fan Reisburo Internoord oer de ôfsizzingen

(advertinsje)
(advertinsje)