Oerstekhelp foar otters: "Alle jierren wurde hûndert deariden"

17 mrt 2020 - 11:41

Yn de Lendevallei by Wolvegea wurde in soad otters deariden. Sy sitte yn it natuergebiet, stekke in dyk oer dêr't in frij soad ferkear del komt en wurde deariden. Dat kin sa net langer, fynt It Fryske Gea. De natuerorganisaasje hat maatregels naam om de otters te helpen mei oerstekken.

"Der binne sawat tijehûndert à fjouwerhûndert otters yn Nederlân. Alle jierren wurde sawat hûndert bisten deariden. Dat is hast in fjirde part. En dat moatte wy net hawwe", seit Tom Jager fan It Fryske Gea.

Dêrom hat de natuerorganisaasje fan De Blesse oant Wolvegea izeren rasterstekken delset. Oan beide kanten binne dy sawat twa kilometer lang. "Dy rasters binne ûngefear 1,20 meter heech en in bytsje yngroeven. Sa kinne de otters net op gefaarlike plakken komme. Wy stjoere se min of mear nei in plak dêr't se wol oerstekke kinne."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Tom Jager fan It Fryske Gea

It Fryske Gea is al sawat tritich jier dwaande mei de útwreiding fan de natuer yn de Lendefallei. "Troch de oankeap fan lânbougebieten dêromhinne, rjochtsje we nije natuer yn. Tusken Wolvegea en De Blesse hawwe we op trije plakken dwaande west. Dat wurk is no dien. Mar we hawwe noch oare plannen om it gebiet noch moaier, grutter en robúster te meitsjen", leit Jager út.

Tom Jager fertelt oer de oare plannen fan It Fryske Gea

(advertinsje)
(advertinsje)