Fryske Panda's: De skriezen fan Jouswier

17 mrt 2020 - 11:41

It Wereld Natuur Fonds hat de skries ea 'de Fryske panda' neamd. En mei dy ferliking slute wy de rubryk Fryske Panda's ôf yn Fryslân Hjoed. Dat dogge wy yn in ryk greidefûgelgebiet, nammentlik de Jouswierder Polder. Dêr wiene de greidefûgels begjin maart noch drok dwaande in plakje te sykjen.

Yn de rige Fryske Panda's sykje wy alle moannen in nijsgjirrige mar bedrige soart op, yn oparbeidzjen mei Staatsbosbeheer: foardat it te let is! Sjoch ûnder de foto foar de eardere ôfleveringen fan Fryske Panda's.

De Jouswierder Polder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)