Ien nije coronapasjint yn Fryslân, no fyftjin fêststelde besmettingen

17 mrt 2020 - 11:36

It oantal fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân is oprûn oant fyftjin. Dat hat de GGD Fryslân tiisdeitemoarn bekend makke. Der is ien coronapasjint by kaam. It giet om in ynwenner fan Ljouwert (30+). De GGD besiket yn kaart te bringen mei wa't de nije pasjint allegearre yn kontakt stien hat.

Foto: Omrop Fryslân

Oar testbelied

It nije gefal kaam oan it ljocht omdat it testbelied feroare is, fertelt Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. Tenei wurde yn grutte halen allinnich noch mar minsken mei klachten op corona test dy't kwetsber binne, minsken dy't yn de soarch wurkje of famylje fan harren.

"Learlinge Beyers Naudé is net test op corona"

It is net wis oft de learlinge fan it Beyers Naudé-gymnasium ek echt besmet is mei it coronafirus, seit Margreet de Graaf fierder. Sy is dêr nammentlik net op test. It famke knapt alwer op. De skoalle hat út foarsoarch it minsken ynformearre, dat se miskien it coronafirus hat. Dat nijs ferspriedt him op in stuit as hat it famke it firus ûnder de lea.

Neffens De Graaf is it wichtich dat wy de holle koel hâlde. De GGD besjocht ek hoe't se de meldingen tenei dwaan sille., "Wy melde ek net alle tbc-gefallen. Wichtich is dat de medyske soarch it tal pasjinten oan kin."

Konsultaasjeburo's wol iepen

De konsultaasjeburo's binne noch wol iepen. Mar by klachten moatte minsken thúsbliuwe. De Graaf: "Wat op ôfstân kin, moat op ôfstân."

Ynintingskampanjes

Grutte ynintingskampanjes wurde útsteld. By lytsere groepen giet it wol troch as de lokaasje geskikt is. De ferpleechkundigen moatte sûn wêze en der wurdt genôch medysk personiel ynset sadat minsken net lang yn de rige hoege te stean foar't se in spuit krije,

Margreet de Graaf

Trefwurden: 
GGD coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)